Oarlochstriennen: earste produksje fan Jan Arendz en Marijke Geertsma

Uitgaan

Oarlochstriennen: earste produksje fan Jan Arendz en Marijke Geertsma

LJOUWERT, 18 oktober 2012 - Jan Arendz en Marijke Geertsma komme yn april 2013 ûnder de namme fan J&Mteaterwurk mei harren earste produksje: Oarlochstriennen.


Oarlochstriennen wurdt skreaun troch Marijke Geertsma en is basearre op in wier bard ferhaal út de Twadde Wrâldoarloch en it Fryske Ferset.

Trije froulju, allegear berne yn Amsterdam, komme troch de leafde yn’e oarloch yn Fryslân telâne en krije meielkoar te meitsjen: Esmée van Eeghen, Antonette Jaakke en Joop van den Helm- Logtenberg, de frou fan Krijn v.d. Helm, in bekend fersetsman.

Yn april wurdt de foarstelling yn it Kazemattenmuseum spile, yn maaie yn Tresoar en yn oktober yn it nije Fries Museum.

Foar it Fuortset Underwiis wurdt Oarlochstriennen oanpast en oanbean mei in edukatyf programma yn de moannen febrewaris, maart en april 2013.

Tet Rozendal spilet de rol fan Esmée, Astrid Reitsema dy fan Antonette en Marijke Geertsma spilet de rol fan Joop v.d. Helm- Logtenberg. Jan Arendz is regisseur fan Oarlochstriennen.

Sjoch foar de spyllist, it bestellen fan kaarten en mear ynformaasje op www.jmteaterwurk.nl

 

Foto: website www.jmteaterwurk.nl

 

 

18-10-2012 20:23 1 reacties

Reacties (1)

Dit lijkt me helemaal prachtig. Ga alvast de data in m'n agenda zetten.

Geplaatst door Cobi Salverda op 29-10-2012 21:07
Meld als ongepast

Reactie plaatsen

Met het plaatsen van deze reactie gaat u akkoord met de voorwaarden

Overig Uitgaan

Meer Uitgaan